Vroeg op Stap nominearre

08 nov 2009 - 08:40

De aksjegroep Vroeg op Stap is nominearre foar de Europa Democratie Award. Dat is in priis dy't de Europese Beweging Nederland útrikt oan it meast enerzjike Nederlânsk-Europeeske boargerinisjatyf.

Europarlementariër Esther de Lange nominearre Vroeg op Stap foar de priis. Dizze aksjegroep wol dat kafees en diskoteken nachts earder ticht geane, om alkoholgebrûk ûnder jongeren tsjin te gean. Der binne yn totaal alve fan dit soart groepen nominearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)