Arjan Stroetinga wint Deventer

Winner Arjan Stroetinga (foto: KNSB)
Arjan Stroetinga hat de fiifde wedstriid om de Maraton Cup wûn. Yn Deventer wie de Fryske 'Kazak' út Waskemar de rapste yn de massasprint. Ingmar Berga waard twadde, Gary Hekman tredde. Bob de Vries, ploechmaat fan Stroetinga, waard fjirde en bliuwt lieder fan it klassemint.
Bianca Roosenboom wûn by de froulju. Maria Sterk fan Hallum waard twadde yn de massasprint, mar ferspile wol de lieding yn it klassemint. Mariska Huisman is no de nije liedster.