Aris wint fan Rotterdam

Pete Miller, de coach fan Aris
It wie in 'must-win' en de basketballers fan Aris wûnen dan ek. Al wie it in swierbefochten oerwinning op Rotterdam Challenge. De Rotterdammers stean ûnderoan en ha noch gjin wedstriid wûn, mar de ploech makke der in echte wedstriid fan. Yn it tredde kwart hie Rotterdam sels in foarsprong fan 47-40, mar yn it lêste kwart kaam Aris goed werom en pakte mei 76-68 de oerwinning.
Aris is no sânde mei seis punten út acht wedstriden.