Harkemase Boys-Kampen: 6-0

07 nov 2009 - 17:00

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat op sportpark De Bosk mei 6-0 wûn fan it ûnderoan steande Go Ahead Kampen. Yn de 23e minút iepene Roel van der Meulen it doelpuntefestival troch in frije traap op Martijn Barto te jaan. Barto skoarde en soe dat foar it skoft noch trije kear dwaan: 4-0.

Yn de twadde helte makke Oebele Schokker twa doelpunten en brocht de einstân op 6-0. Harkemase Boys hat no 16 punten út 8 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)