Hubertusfiering yn Dokkum

Foar it earst is sneon yn Dokkum in Sint Hubertusfiering hâlden yn de katolike tsjerke. Sint Hubertus is beskermhillige fan de jacht en dêrom waarden sneon jagers en harren hûnen segene foar it nije jachtseizoen.
Der wie in spesjale mis oer it jeien, de ferantwurdlikheid foar de natuer, de skepping en oer de hillichman, dy't yn 727 ferstoar. De jachthoarngroep Après Chasse en it Noard-Nederlânsk Jagerskoar Prins Hendrik soargen foar de muzyk.