Riders meitsje har net drok

De reedriders Arjan Stroetinga fan Waskemar en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn meitsje har net drok oer it berjocht dat se de Nederlânske nasjonaliteit kwytreitsje of al kwyt wêze soene. Bergsma en Stroetinga wolle har naturalisearje litte ta Kazak om meidwaan te kinnen oan de Olympyske Spelen yn Vancouver.
Mar troch dy proseduere driigje se de Nederlânske nasjonaliteit kwyt te reitsjen. It KNSB befestiget dat.