Grinzer mishannelet Ljouwerter
In 40-jierrige ynwenner út Ljouwert is freedtejûn op it Stasjonsplein yn syn wenplak mishannele troch in 27-jierrige ynwenner fan Grins. De fertochte hie by in kroech de Ljouwerter slein en dy rekke dêrby ferwûne oan syn each.
De Grinzer is oerbrocht nei it plysjeburo.