Epke Zonderland yn twa finales

Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)
Turner Epke Zonderland fan 'e Lemmer hat him freed yn it Kroatyske Osijek by de wrâldkupwedstriden pleatst foar de finales op de brêge en rekstôk.
Op de rekstôk gie hy as twadde nei de finale mei in puntetotaal fan 15.175. Op de brêge gie it muoisum en gie Zonderland er fan út dat hy de finale net helje soe. Mar mei in puntetotaal fan 13,700 gie hy dochs as achtste de finale yn. De finalewedstriden binne op snein.