Stroetinga no gjin Nederlanner

07 nov 2009 - 12:07
  • Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)

De Fryske hurdriders Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma binne mooglik gjin Nederlanner mear. Stroetinga en Bergsma binne fan doel om foar Kazachstan mei te dwaan oan de Olympyske Spelen op it ûnderdiel ploege-efterfolging.

Mar troch de naturalisaasje ta Kazak reitsje se mooglik harren Nederlânske nasjonaliteit kwyt. De plysje hat yn ferbân mei dizze saak by de KNSB de dokuminten fan it reedridersbûn fan Kazachstan oer dizze saak ynsjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)