Atsma: Dúdlikheid oer Dronryp

07 nov 2009 - 11:05

Keamerlid Joop Atsma fan it CDA stelt fragen oan de ministers fan Ynlânske Saken en OC&W oer it ynsidint yn Dronryp, dêr't freed in wolk salpetersoer ûntsnapte. Atsma wol ûnder oaren fan de ministers witte wat dy fine fan de helpferliening en fan it feit dat oeral yn Fryslân de sirenes ôfgien binne.

It keamerlid wol ek witte of Omrop Fryslân as rampestjoerder wol goed funksjonearre en oft de Omrop wol genôch jild hat om syn rol út te fieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)