Oare eigner hierwenten Flylân

De hast twahûndert hierwenten op Flylân moatte eigendom wurde fan wenningkorporaasje WoonFriesland. Dat fine boargemaster en wethâlders op it eilân. WoonFriesland hat folle mear ûnderfining mei de opknapbeurt, dy't foar de wenten nedich is.
Op Flylân is ek ferlet fan nije hierwenten, der steane op dit stuit hûndert minsken op in wachtlist. De gemeente hat gjin jild om dy wenten te bouwen, WoonFriesland soe dat wol dwaan kinne.