Undersyk nei alarmearring

06 nov 2009 - 19:08

De Hulpverleningsdienst Fryslân hopet moandei dúdlik te hawwen oft der wat mis gien is by de helpferliening yn Dronryp. Dêr ûntsnapte freed salpetersoer by in suvelfabryk. Neffens de doarpsbewenners duorre it te lang foardat sy dêrfan op 'e hichte wiene.

De Hulpverleningsdienst fynt dat alle prosedueres goed folge binne, mar ûndersiket dat wol. De resultaten wurde oanbean oan de gemeente, dy't einferantwurdlik is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)