'Website Omrop moat it dwaan'

06 nov 2009 - 17:41

In website fan in regionale omrop dy't ek offisjeel rampestjoerder is heart net plat te gean. Dat seit Twadde Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean. Atsma reagearret hjirmei op it feit dat dizze website ûnberikber waard nei it grutte alaarm fanwege de gifwolk yn Dronryp. De website waard letter ferfongen troch in need-website mei nijsberjochten.

"Der is noait oer de rol fan ynternet by rampestjoerders praat, mar dat wurdt wol heech tiid", sa seit Atsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)