Bankstel yn brân yn Drachten

It trapportaal rekke slim skansearre (foto Marc Stijger)
De brânwacht hat freed oan 'e ein fan 'e middei in tal bewenners fan in flat oan de Molkekelder yn Drachten út harren huzen helle. Yn it portyk fan it flat wiene twa grutte banken yn brân stutsen. Dat soarget foar safolle reek dat de minsken út harren hûs moasten.
De skea oan it trappehûs en de lift yn de flat wie bysûnder grut. Beide kinne net mear brûkt wurde. De brânwacht brûkte twa hegedrukslangen en in heechwurker om it fjoer út te krijen.