Oanbesteging busferfier wie OK

06 nov 2009 - 15:44

Der is neat ferkeard gien by oanbestegings yn it regionaal busferfier wêrby't ferfiersbedriuw Qbuzz belutsen wie. Dat skriuwt steatssiktaris Tineke Huizinga yn in brief oan de Twadde Keamer. Qbuzz is foar 51 persint eigendom fan de NS. De oare oandielen binne fan twa eardere bestjoerders fan Connexxion.

CDA en VVD ha frege om in ûndersyk nei de konkurrinsje yn it regionaal iepenbier ferfier, fanwege de bysûndere relaasje fan de NS mei Qbuzz.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)