'Helpferliening wie yn oarder'

06 nov 2009 - 15:21

De helpferliening kaam freed nei it ûntsnappen fan 'e wolk salpetersoer fuortendaliks goed en adekwaat op gong, seit boargemaster Van Delft fan Menameradiel. Op it gemeentehûs yn Menaam waard in krisissintrum ynrjochte, dêr't boargemaster en helpferlieners de boel koördinearren.

Op tillefoannûmer 0518-452900 kinne minsken noch altyd terjochte mei fragen. En yn de sporthal op Schatzenburg sitte helpferlieners klear foar fragen oer de sûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)