Alaarm Dronryp wie te grut

De sirene gie net allinnich yn Dronryp, mar ek yn in soad oare plakken....
Troch in flater yn it systeem waard der freedemoarn te grut alaarm slein nei it ûntsnappen fan salpetersoer by it tsiisfabryk fan Dronryp. De alaarmsirene klonk yn hiel Fryslân, wylst dat net de bedoeling wie.
Nei alle gedachten is der yn alle kommoasje in proefalaarm ôfjûn, sa as dat alle moannen klinkt. Dat seit de brânwacht. Dy sil de hiele gong fan saken goed evaluearje en minsken noch better traine as dat nedich is.