Fragen? Gemeente belje

It gemeentehûs fan Menameradiel
Minsken dy't fragen hawwe nei oanlieding fan it ynsidint mei de gaswolk salpetersoer yn Dronryp kinne kontakt opnimme mei de gemeente Menameradiel. De gemeente hat it tillefoannûmer 0518-452900 iepensteld foar alle fragen dy't ferbân hâlde mei de gaswolk.
Gemeente en plysje jouwe minsken dy't klachten hawwe sûnt it passearen fan de gaswolk it advys om nei in dokter of it sikehûs te gean. Oant no ta binne twa minsken nei it sikehûs gien.