Gefaar Dronryp foarbij

06 nov 2009 - 11:41

De plysje hat it doarp Dronryp wer frijjûn foar alle ferkear. It gefaar yn it doarp is wer foarbij, sa seit de brânwacht. De brânwacht hat wol de skoallen yn it doarp frege om de bern foarearst noch even binnendoar te hâlden.

Yn Dronryp waard even nei tsien oere alaarm slein doe't in wolk mei salpetersoer ûntsnapte nei in gaslek by it Frico-tsiisfabryk oan de súdkant fan it doarp. De gaswolk driuwt no fierder yn noardwestlike rjochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)