Mûlekapkes by húsdokterpraktyk

Húsarts Inge Nijenhuis
De húsdokterpraktyk yn Dronryp hat pasjinten dy't fan 'e moarn yn de praktyk wiene foarsjen fan mûlekapkes. Dit yn ferbân mei de wolk salpetersoer dy't ûntsnapt is út de fabryk fan Friesland Campina. De minsken binne mei it mûlekapke op nei hûs ta gien.
Ek is der ien tillefoantsje binnenkaam by de húsdokterpraktyk fan in ynwenner fan Dronryp dy't frege wat der dwaan moast.