Gaswolk yn Dronryp

By it fabryk yn Dronryp kaam in gefaarlike stof frij
De plysje Fryslân hat alaarm slein fanwege in ynsidint mei gefaarlike stoffen by it fabryk fan Friesland Campina yn Dronryp. Neffens boargemaster Van Delft is in lossketten slang mei salpetersoer de oarsaak. As gefolch dêrfan driuwt in wolk mei salpetersoer rjochting doarp.
Minsken yn Dronryp moatte foarearst binnendoar bliuwe en doarren en ruten tichthâlde. De plysje wit noch net krekt om hokker gefaarlike stof it giet.