De Lemmer wol powerboatrace

06 nov 2009 - 09:58

Der moat in Formule 1-race foar powerboaten hâlden wurde yn de baai fan 'e Lemmer. Dat plan hat de Yacht Club Lemmer. Op it stuit wurdt ûndersyk dien nei de helberens. As de plannen trochgean soene de rappe speedboaten dy't wol 200 kilometer yn 'e oere farre kinne yn de simmer fan 2011 of 2012 plakfine.

De Yacht Club Lemmer sjocht it as in moaie promoasje foar de eigen haven en De Lemmer sels. Sa'n evenemint lûkt al gau 150.000 taskôgers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)