ABD wol 'gastekaart'

© Omrop Fryslân
De partij Algemien Belang Dongeradiel sil in ûndersyk dwaan nei de ynfiering fan in saneamde gastekaart. Dat soe de toeristebelesting op termyn ferfange kinne, sa tinkt de partij.
De kaart dy't gasten dan keapje moatte, soe ek tsjinje kinne as koartingskaart foar musea yn Dongeradiel. Neffens ABD soe de gastekaart it dûbele opsmite kinne fan wat de toeristebelesting no oplevert.