Kokkelfiskje by Skier mei

06 nov 2009 - 09:11
  • It kokkelfiskjen by Skier mei wol fan 'e provinsje, mar net fan Natuurmonumenten

De provinsje hat terjochte in fergunning ôfjûn foar it fangen fan kokkels by natuergebiet Alde Wâl by Skiermûntseach. Dat antwurdet de provinsje op fragen fan VVD-steatelid Baukje Miedema. De provinsje seit dat net bekend wie dat Natuurmonumenten it fiskjen dêr ferbean hat. Der wie neffens de provinsje net dúdlik makke dat it ferbean is dêr te fiskjen.

Natuurmonuminten wie min te sprekken oer de ôfrûne fergunning foar it fangen fan kokkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)