Wetterskip bliid mei útspraak

05 nov 2009 - 19:35

Wetterskip Fryslân is net fernuvere dat de rjochter tastimming jout foar bou fan in besikerssintrum by it Woudagemaal op 'e Lemmer. De Vereniging Wouda-Stoomgemaal hie beswier makke tsjin de bou. De feriening fynt dat it besikerssintrum net past yn de omjouwing en easket in lytser en goedkeaper sintrum.

De tariedings op de bou wiene stillein, dy kinne no wer trochgean. Der rinne noch mear beswieren fan de feriening tsjin de bou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)