Gjin priis foar Skarsterlân

05 nov 2009 - 17:53

De gemeente Skarsterlân hat de Stedsfûgelpriis 2009 net wûn tongersdei. De priis gie nei Leiden. Dy wûn dêrmei 20.000 euro foar in nij stedsfûgelprojekt.

Skarsterlân wie ien fan de fjouwer nominearden foar de priis mei de wyk Wyldehoarne. Yn dy wyk wurdt in soad omtinken jûn oan fûgelfreonlike hûzen en diken, beplanting en wâlkanten. De priis waard foar de tredde kear útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)