Ferset It Fean tsjin 7e Sinees

Wokke op syn Sinees op It Fean
Op it Hearrenfean is ferset tsjin de komst fan in nij wokpaleis. It wurdt it sânde Sinees restaurant yn it sintrum fan it Fean. Om foar te kommen dat Hearrenfean ien grut Chinatown wurdt ha oare restaurants massaal protest oantekene by de gemeente.
Begjin takom jier moat it restaurant oan de Tsjerkestrjitte komme, it giet om in low-budzjet-restaurant mei plak foar 250 gasten. De gemeente moat de fergunningoanfraach noch behannelje, mar sjogge gjin problemen.