Oerlis De Friesland en fysio's

Nije wike prate fysioterapeuten en De Friesland fierder
Fryske fysioterapeuten prate takom wike mei De Friesland oer it konflikt tusken beide partijen. De fersekerder wol dat fysioterapeuten fergoedings krije oer it gemiddeld oantal behannelings dat in pasjint krijt. As minsken langer as de noarm fysioterapy nedich ha, binne se te djoer en kinne se wegere wurde omdat De Friesland de behannelings net fergoedet. Ferline wike hat de fersekerder sein dat fysioterapeuten achterôf toch noch in folsleine fergoeding krije kinne.