Swiere tiden foar bouboeren

Der driigje swiere tiden foar de bouboeren
Bouboeren moatte rekken hâlde mei mindere tiden. De kilopriis fan de poat-ierappels sakket takom jier. De lêste trije jier wiene krekt hiel bêst. De oarsaak is de kredytkrisis. De measte poaters geane nei it bûtenlân. Benammen dêr krije boeren kwalik lienings om nije poat-ierappels te keapjen.
Tongersdei en freed binne op De Jouwer de Potato Days. Dat is in beurs dêr't boeren út de hiele wrâld komme om nije rassen út te sykjen.