51 nije banen nei banemerk

05 nov 2009 - 14:05

De banemerk dy't yn oktober holden waard yn it WTC Expo yn Ljouwert, hat oant no ta 51 konkrete banen opsmiten. It giet om 17 minsken mei in WW-útkearing en 34 mei in WWB, in Wet-, Werk en Bijstand-útkearing. De ferwachting is dat de kommende tiid noch mear minsken in baan fine.

Op de banemerk kamen hast trijetûzen besikers ôf. De 80 dielnimmende bedriuwen hiene 400 fakatueres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)