Untslaggen by REAX Ljouwert

Untslach foar 10 fan de 65 meiwurkers
By reyntegraasbedriuw REAX yn Ljouwert wurde 10 fan de 65 meiwurkers ûntslein. REAX wurket yn opdracht fan it UWV en gemeenten, mar dy dogge de bemiddeling fan wurkleazen wer hieltyd faker sels. In pear belangrike kontrakten fan REAX rinne ôf.
It bedriuw giet in ûnwisse tiid yn de mjitte. Mei de fakbûnen wurdt oerlein oer in sosjaal plan foar de 10 minsken dy't ûntslach krije. REAX is it grutste reyntegraasjeburo fan Fryslân. Der wurde net mear ûntslaggen ferwachte.