Hennepkwekerij Ljouwert oprôle

05 nov 2009 - 10:33

De plysje hat woansdeitemiddei yn in wenning oan de Schouwstraat yn Ljouwert in hennepkwekerij oprôle. Troch in anonime tip wie de plysje op it spoar kaam fan de kwekerij. De plysje trof yn ien fan de keamers goed 120 hennepplanten oan. Yn in oare keamer fûn de plysje knipte hennepplanten fan in eardere rispinge.

De planten en de apparatuer binne yn beslach nommen en ferneatige. Der is noch neat ien oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)