CU: nij Frysk nutsbedriuw

05 nov 2009 - 09:34
  • it nije nutsbedriuw soe him dwaande hâlde moatte mei duorsume enerzjy

De steatefraksje fan de Christen Unie fynt dat der in nij Frysk Nutsbedriuw opsetten wurde moat, dat relatyf lytse enerzjyprojekten finansiere moat. It nutsbedriuw soe in wurkkapitaal fan 100 miljoen euro hawwe moatte. Neffens de CU kin de provinsje it NUON jild hjirfoar brûke. Koalysjepartijen CDA en PvdA stypje it foarstel.

It giet om duorsume projekten dêr't bedriuwen gjin jild foar liene kinne by banken, lykas biogasfergisting en wynernerzjy en oare lytse projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)