CU wol útspraak oer CO2

De ChristenUnie wol in útsprak oer de CO2-opslach
De Steaten moatte earst in fûnemintele útspraak dwaan oer opslach fan CO2 yn de boaiem, foardat der fierdere stappen ûndernaam wurde om dizze opslach te realisearjen. Dat fynt de steatefraksje fan de ChristenUnie.
Yn de begrutting fan 2010 wurdt al min of mear útgien fan opslach fan CO2. DS kundigje dêryn oan dat hjirfoar in toetsingskader komt. De ChristenUnie fynt dat DS foar har beurt prate. De Steaten moatte earst in beslút nimme moatte oer CO2-opslach, fynt de CU.