CDA: proef mei gratis musea

05 nov 2009 - 08:40

Ljouwert moat him oanmelde as proefgemeente wêryn't bern oant en mei 12 jier fergees nei musea kinne. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan it CDA. It ministearje fan Onderwijs, Cultuur en Wetenschap wol de gratis museumtagong yn in beheind oantal stêden ynstelle foar in proefperioade.

It CDA fynt de proefperioade in gouden kâns foar Ljouwert. De partij wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte at it ree is om de gemeente oan te melden foar de proef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)