Ljouwert: mei pream winkelje

Gemeente Ljouwert wol yn novimber en desimber mear winkeljend publyk lûke nei de binnestêd en winkelpark De Centrale. Mei in fergese pendeltocht fan sawol preammen as bussen moatte minsken oerhelle wurde om op beide plakken te winkeljen.
De passazjiers krije ûnderweis in waarme tekken en in fergees drankje. De gemeente set it sjarme-offensyf foarearst allinich op sneontemiddeis yn.