Allinne jonge boeren rydbewiis

Mei of sûnder rydbewiis?
Der moat allinne in trekkerrydbewiis komme foar boeren fan 16 en 17 jier. Dat fynt de CDA yn de Twadde Keamer. Deputearre Piet Adema fan de ChristenUnie fynt dat it foar eltsenien jilde moat. Mar dat fynt it CDA grutte ûnsin.
Minsken dy't jierren trekkerride en in autorydbewiis ha hoege jo net op 'e nij nei in kursus te stjoeren. Dat smyt allinne administrative rompslomp op, fynt Adema. Tongersdei wurdt der yn de Twadde Keamer oer praat.