Ungelok by Snits
Troch in ûngelok yn Snits waard it ferkear woansdeitemiddei omlaat. Krekt foar de stedsrûnwei fanút de rjochting fan De Lemmer binne trije auto's op elkoar botst.
By it ûngelok is ien persoan ferwûne rekke en mei nekklachten nei it sikehûs brocht. De plysje hat de tadracht fan it ûngelok ûndersocht.