Learlingen bliuwe thús om gryp

Meksikaanske gryp hâldt learlingen thús
De Meksikaanske gryp soarget foar in soad lege plakken yn de skoalbanken. Gemiddeld sit 5 prosint fan de learlingen siik thús. Op it Piter Jelles Gymnasium yn Ljouwert wiene woansdei wol goed 13 prosint fan de learlingen thús. Dêrfan ha 25 learlingen echt de gryp en 50 binne thús bleaun út eangst foar de gryp.
Neffens de rektor mankearret al dizze learlingen wol wat, mar wurde se no earder thús hâlden as oars. Der is gjin ûnrêst op skoalle.