Krityk op Cambuur nei rellen

04 nov 2009 - 15:11
  • Cambuur hat risiko fan de wedstryd tsjin Roda net goed ynskatten

Cambuur, de gemeente en de plysje ha grutte flaters makke by de wedstryd tsjin Roda JC. Dat stiet yn it rapport fan Auditteam Voetbalvandalisme. By en nei de wedstryd yn juny ûntstiene rellen mei supporters.

De klup hat neffens it rapport it risiko fan de wedstryd te leech ynskatten. Der is net oerwage om oerdei te spyljen. Ek wie net by alle tagongsstekken kontrôle. Supporters koene sa sûnder kaartsje it stadion yn en it siet te fol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)