Trije Rabokantoaren ticht

04 nov 2009 - 13:52
  • Banken yn Burdaard, Ie en Hollum slute takom jier

Rabobank Noard-East Fryslân slút yn jannewaris fan it nije jier trije fan har festigingen. It giet om de festigingen yn Burdaard, Ie en Hollum op It Amelân. Neffens de Rabobank binne hieltyd mear minsken oerstapt op it ynternetbankieren en rûn dêrom it besikerstal bot werom.

Foar it personiel wurdt oar plak socht binnen it bedriuw. De doarpen sels hâlde nei de sluting allinnich noch in jildautomaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)