Netwurk moat ûnder de grûn

04 nov 2009 - 12:24

De provinsje Fryslân fynt dat in nije heechspanningsferbining tusken de Eemshaven en de Rânested ûnder de grûn of ûnder de Noardsee oanlein wurde moat. De provinsje Grinslân wie dat al fan doel, mar hat yn it foar net oerlein mei Fryslân.

Deputearre Hans Konst sei dat woansdei yn reaksje op fragen fan de FNP. De partij stelde de fragen om der wis fan te wêzen dat de ferbining net oer lân giet, bygelyks troch nasjonaal lânskip De Fryske Wâlden hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)