Wyk yn De Jouwer hast klear

04 nov 2009 - 11:19

De wyk Zuiderveld op De Jouwer is hast klear. De lêste faze fan it opknappen begjint meikoarten. It is nei alle gedachten yn 2010 klear.

Wenningboustifting Accolade bout sechstjin nije wenten om in nije fiver hinne en ferbout 6 huzen. De gemeente makket de iepenbiere romte moaier mei bettere parkearplakken, nije beammen en hofkes. Woansdeitejûn jouwe de gemeente en Accolade in taljochting op de plannen op in ynrinjûn foar bewenners en belangstellenden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)