Rasistyske graffity yn Snits

Rasistyske graffity yn Snits
De plysje siket tsjûgen fan it spuitsjen fan graffity op ferskate plakken yn Snits. Sûnt heal oktober hat de plysje alve oanjeftes en meldingen krigen oer de fernielings.
It giet om rasistyske tekens en teksten dy't op oerheidsgebouwen, it Joadsk momumint, in tsjerke en in taksy spuite binne. De dieders sykje plakken út dêr't de graffity goed te sjen is. Foar foarbygongers en belutsenen komt it fandalisme op it Joadske monumint hurd oan.