Steaten betinke Frans Baron

Steaten ha Frans Baron betocht
Yn Provinsjale Steaten is woansdei steatelid Frans Baron betocht. It SP-steatelid Frans Baron út Drachten is 1 oktober stoarn nei in koart siikbêd.
De 61-jierrige Baron wie de grûnlizzer fan de SP yn Fryslân. Hy wie jierren riedslid yn Smellingerlân en fan 2007 ôf steatelid. Kommissaris fan de Kenininginne John Jorritsma en SP-fraksjefoarsitter Ad van de Kolk hâlden in taspraak by de betinkingsgearkomste.