Reorganisaasje by Wetterskip

04 nov 2009 - 09:18

It Wetterskip moat flink reorganiseare om in besuniging fan 100 miljoen euro fan it Ryk foar te wêzen. De organisaasje fan de 26 Nederlânske wetterskippen moat ienfâldiger. Yn de takomst kinne de wetterskipslêsten omleech. In takomstfisy wurdt woansdei presintearre.

As de plannen trochgeanne, hat dat neffens dykgraaf Van Erkelens ek fiergeande gefolgen foar Fryslân. Mooglik bliuwt yn it Noarden op termyn mar ien wetterskip oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)