Nije partij yn Smellingerlân

03 nov 2009 - 22:22

De gemeente Smellingerlân krijt der in nije politike partij by: de Sociaal Liberale Volks Partij, de SLVP. Earder dit jier waard de komst fan de nije partij al oankundige.

In inisjatyfgroep yn de gemeente wol mei de SLVP alle progressive krêften bondelje. Se fine dat dy krêften op it stuit tefolle fersnippere binne oer meardere politike partijen. Se wolle mei de nije partij takom maitiid meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)