Motorrider yn 'e sleat by Grou

03 nov 2009 - 22:04

In noch ûnbekende motorrider is tiisdeitejûn op it Hoflân by Grou ferwûne rekke. De motorrider kaam yn in bocht nei rjochts yn botsing mei in auto, dy't nei alle gedachten de binnenbocht naam. De motorrider bedarre mei motor en al yn de sleat. De automobilist hat de motorrider út de sleat helle.

Plysje en ambulânse wiene gau te plak en ha de man foar neier ûndersyk meinommen nei it MCL. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)