Aksje buswaskers Nivo Noord

03 nov 2009 - 21:19

De 16 wurknimmers fan skjinmakbedriuw Nivo Noord, dy't de Arriva-bussen skjinmeitsje, komme wer yn aksje. Qbuzz nimt it busferfier oer fan Arriva en hat it kontrakt mei Nivo Noord opsein. Nivo Noord hat de skjinmakkers dien jûn, sûnder te soargjen foar in goed sosjaal plan.

De skjinmakkers sille woansdei mei elkoar nei it haadkantoar fan Qbuzz yn Assen om dêr in sollisitaasjebrief te bringen, yn de hope dat Qbuzz harren oannimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)