Boer zoekt Vrouw yn Aldetrine
De spanning rint op yn Aldetrine, it wenplak fan boer Wietse fan it programma Boer zoekt Vrouw. De útkomst hâldt de ynwenners fan it doarp yn de besnijing, ek al tinke guon te witten hoe't it ôfrint.
De minsken fertelle dat se der sneintejûns plat foar sitte, mar foar de kamera fertelle oer Wietse en syn eventuele nije leafde wolle se net.